4 Mei herdenking

mei 4, 2019 | 19:10 - 21:00
Place : Oude gemeentehuis/Sint Piterkerk

It 4-maaiekomitee organisearret op 4 maaie jûns wer de jierlikse betinking as earbetoan oan harren dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch foar ús en ús frijheid striden ha.
It wie in tiid fol eangst en spanning yn Nederlân, wat wy ús yn dizze tiid mar slim foarstelle kinne.
Elkenien wurdt fan herte útnûge om mei ús dizze betinking by te wenjen.

Programma foar de 4-maaiebetinking yn Grou

19.10 start fan de betinking by it âlde gemeentehûs.
Blomlizzing by it monumint.
Stille tocht nei it hôf dêr’t ek blommen lein wurde. Last post wurd spile by het ferlitten fan it hôf troch Hendrike Hoogeboom.
Stille tocht giet troch nei de Sint-Pitertsjerke.
19.50 start betinking
20.00 twa minuten stilte.
Yn de tsjerke: ûnder oare:
Sang fan “It Grouster Mingd Koar“ mei lieten komponearre troch Ilse Weber yn Theresienstadt
Foardracht gedichten skreaun troch bern fan groep 7 en 8 (De Twa Fisken) út Grou.
Sprekker Hr. Hessel de Walle, Skriuwer fan in boek oer de oerfallers fan de Ljouwerter finzenis
De betinking sil om 21.00 dien wêze.

Ut namme fan it 4maaiekomitee, Henny Reitsma